Huningfalken

Huningfalken
Easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus)
Easterske huningfalk (Pernis ptilorhynchus)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
rangleas: bitterfûgels (Afroaves)
skift: haukeftigen (Accipitriformes)
famylje: haukfûgels (Accipitridae)
ûnderfamylje: huningfalken (Perninae)

De huningfalken, wapsebiters of wapsegleeën (Perninae) binne in ûnderfamylje fan rôffûgels út de famylje fan de haukeftigen (Accipitridae). De ûnderfamylje telt 6-8 skaaien en 14-18 soarten, ôfhinklik fan hokke skaaien ta de ûnderfamylje rekkene wurde.

De wapsebiters binne middelgrutte rôffûgels mei brede wjukken, dy’t meast yn de waarme streken fan de Wrald libje. De (Jeropeeske) huningfalk en de Easterske huningfalk bewenje ek gebieten mei in tuskenbeiden klimaat. Se ite ynsekten, in folle gefallen wapsen, brimsen, bijen, en soms ek huningskiven en reptilen.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search